“Plezierkes en fertierkes”

Op freed 25 en sneon 26 jannewaris 2019 spilet toanielferiening ‘Op triljende skonken’ it stik;

“Plezierkes en fertierkes”

Sjaak en Clara al tweintich jier in troud stel, jo kinne se wol, altyd soarchsum foar mekoar en sa giet de tyd foarby. Ear’t jo it witte, binne jo âld en fersliten.

Dus wol Sjaak, hast fyftich, him noch ien kear bewize en besiket dat mei de moaie jongfaam Janet.

Clara hat fermoedens, mar troch in protte misferstannen tinkt sy úteinlik dat Sjaak neat doart te sizzen om’t er help socht hat by in psychiater.

Ek by Janet binne der misferstannen, har wurkleaze freon Niek jout himsels út as wie er psychiater.

Tagong:
€ 10,- ynkl. konsumpsje
€ 2,50 ûnder de 12 jier

De toanielploech bestiet dit jier út de folgjende spilers;
– Klaas Wijbrandi
– Gerke Bosch
– Sytze Stellingwerf
– Reina de Boer
– Frida Tekstra
– Evie van Popta

De rezjy is yn hannen fan Elske Roorda

Freed 25 en sneon 26 jannewaris
Oanfang: 20.00 oere

0

Voeg een Commentaar


Deze website gebruikt Akismet om spam te verminderen. Bekijk hoe je reactie-gegevens worden verwerkt.